Dyn taal is ûnderdiel fan wa’tst bist. Miskien hast in wurd datst altyd brûkst. In sin dy’t dy tinkt oan thús. Of in útdrukking dy’tst graach trochjoust.
Wy binne benijd nei dyn ferhaal!
Doch mei oan de kampanje Praat sa’tst bist en diel dyn wurd of sin mei ús. Fertel ek koart wat it foar dy betsjut. Dat mei yn it Frysk, Stedsfrysk, Hylpersk, Nederlânsk.
Folje it formulier yn. Wy nimme dêrnei kontakt mei dy op om ôf te praten hoe’t we dyn ferhaal yn byld bringe kinne.